Technyske steuring by de Rabobank

28 jan 2019 - 12:43

Klanten fan de Rabobank hawwe moandeitemoarn lêst hân fan in technyske steuring as se jild oermeitsje woene fia ynternet of op harren mobile telefoan. Dat makke de Rabobank sels bekend op twitter. Minsken koene in oantal oeren net ynlogge en dêrtroch harren jildsaken net online regelje.

Foto: ANP Foto

De Rabobank gong fuortendaliks mei it probleem oan de slach. De steuring wie krekt foar tolven oplost. Twa wike lyn wiene der ek al technyske problemen by de Rabobank. Doe wie in update de oarsaak.

(advertinsje)
(advertinsje)