'Snelheidsduvels' út Menaam en Harns moatte rydbewiis ynleverje

In 40-jierrige automobilist út Menaam en in man út Harns binne dit wykein harren rydbewiis kwytrekke, om't se beide it gaspedaal krekt wat te fier yndrukten. De bestjoerder út Menaam ried mei 142 kilometer yn 'e oere oer de noardlike ynfalsdyk fan Ljouwert, dêr't 80 kilometer de maksimum snelheid. De hurdrider út Harns hie 150 kilometer op 'e teller wylst er oer de dyk tusken Tsjummearrum en Easterbierrum ried.
© ANP Foto
De man út Harns ried yn Easterbierrum mei mear as 100 kilometer yn 'e oere troch it 50-kilometer-gebiet. Tusken Easterbierrum en Seisbierrum gie it gas der wer op en ried de man hast 140 kilometer. Nei't er troch de plysje oan de kant fan de dyk set wie, koe de Harnzer syn rydbewiis ynleverje.
By de ferkearskontrôle op de noardlike ynfalsdyk fan Ljouwert waarden snein noch fjouwer oare bestjoerders bekeurd, om 't se mear as 40 kilometer te hurd rieden.