Loftmacht krijt F-35 (JSF) offisjeel oerlange

28 jan 2019 - 09:40

De loftmacht kriget dizze wike offisjeel de F-35 (JSF) oerlange. Mei in seremoanje yn it fabryk fan fleantúchbouwer Lockheed Martin yn Fort Worth, Texas, wurdt it tastel oerdroegen oan Nederlân. By de seremoanje binne in soad fertsjinwurdigers fan it Nederlânske bedriuwslibben oanwêzich. Sy hoopje dêr nije oarders te krijen foar it leverjen fan ûnderdielen foar it tastel. Yn Noard-Nederlân profitearret de fêstiging fan Fokker yn Hoogeveen dêr benammen fan. Dat fabryk makket ferskate ûnderdielen foar de F-35.

Hoe sit it no krekt mei de F-35?

De F-35 dy't yn Texas oerlange wurdt, is net de earste F-35 foar de loftmacht. Der binne oant no ta al fiif fan dizze tastellen levere. Mei twa F-35's wurdt op dit stuit al aktyf flein yn it testprogramma fan it tastel. Dy beide F-35's diene earder yn 2016 de fleanbasis Ljouwert oan foar de saneamde "belevingsvluchten". Sa moast dúdlik wurde hoefolle lawaai as de F-35 makket yn fergelyk mei de F-16. Benammen by omwenners fan de fleanbasis Ljouwert binne dêr in soad soargen oer.

Seremoanje yn Texas

Dat de seremoanje yn Texas no pas plakfynt, hat te krijen mei de skiednis fan de oanskaf fan it tastel. Yn 2013, doe't it earste Nederlânske tastel levere waard, wie it noch mar de fraach oft Nederlân de fleantugen eins wol oanskaffe woe. Yn de polityk wie dêr doe in soad diskusje oer. Dat hie ûnder oare te krijen mei it hieltyd djoerder wurden fan it projekt. De twa oanskafte testtastellen binne doe al levere, mar bûten de skynwerpers om oerflein nei in testbasis yn Florida.

Tsjinstim fan Lutz

Flak foar de simmer fan 2013 waard dúdlik dat Nederlân dochs troch woe mei de oanskaf fan de F-35. De PvdA en de VVD makken dêr ôfspraken oer yn it regearakkoart. Fan de beide koälysjepartijen stimde doe allinnich PvdA-Keamerlid Lutz Jacobi tsjin dit beslút.

Foto: Omrop Fryslân

Tastellen yn Ljouwert

Koartlyn makke minister Ank Bijleveld fan Definsje bekend dat se nochris fyftjin F-35's ekstra oanskaffe wol. Nederlân soe der dan yn totaal 52 krije. De measte tastellen krije in plak op fleanbasis Volkel. Fleanbasis Ljouwert kriget ien squadron F-35's. Ek komme dêr 4 MQ-9 Reapers. Dat binne ûnbemande tastellen, drones, dy't ferkenningmisjes fleane kinne. Op dit stuit binne de earste piloaten yn oplieding. De hoop fan Definsje is dat se noch dit jier aktyf fleane kinne mei de tastellen.

Noch efkes wachtsje

Dat betsjut net dat leafhawwers dy drones fuortendaliks op de fleanbasis Ljouwert sjen sille. De ferwachting is dat se fuort ynset wurde boppe konfliktgebieten lykas it Midden-Easten of Afrika. Se wurde dan bestjoerd út Ljouwert wei.

70 jier fleanhistoarje

It is moandei presys 70 jier lyn dat it earste jachtfleantúch oankaam op fleanbasis Ljouwert. It wie doe de Gloster Meteor. De F-16 fleant al wer 40 jier en wurdt de kommende tiid ferfongen troch de F-35.

(Advertinsje)
(Advertinsje)