Kollum: "Gjin sint wurdich"

"Wat binne wy as minske wurdich? Yn jild, bedoel ik dan. Wat bin ik sels bygelyks wurdich as it om euro's giet? Wat soe ien foar my jaan wolle? Gjin flau idee. It wurket net sa as by in hûs of in auto, dêr'tst de wearde fan útrekkenje kinst. Net sa as by in djoere flesse wyn of in skilderij dêr'tst op basis fan smaak, jier of makker fan sizze kinst wat it kostje moat. In minskelibben is ommers net yn sinten út te drukken. No ja.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
De grutste útsûndering is fansels in fuotballer. Ofrûne wike noch flapperen my de earen doe't bekend waard foar hoefolle miljoenen Ajax-middenfjilder Frenkie de Jong ferkocht is oan Barcelona. 75 miljoen. Frenkie de Jong is amper drûch achter de earen en is no al 75 miljoen euro wurdich. Dat is syn priiskaartsje. Wolst Frenkie ha, dan kostet dy dat 75 miljoen. In bizar bedrach, mar it kin noch mâler.
Ofrûne wykein wie ik foar in ynterview by Tymo, dy't de Noardseesykte hat. Hy wachtet no al jierren op in medisyn tsjin dizze slopende sykte. It jild foar ûndersyk is der, mar der kin mar gjin ûndersiker fûn wurde, dy't de tosken yn dizze sykte sette wol. Dus leit der 50.000 euro op 'e planke, dêr't neat mei dien wurdt. Frustrearjender kin it libben net wêze.
Oan it ein fan it ynterview hie Tymo lykwols goed nijs. Lang om let hat him dochs in kandidaat meld, dy't oan de slach sil. Der is dus hoop op in medisyn. Mar dêrmei bist der noch net. Begjin jannewaris kaam ik it nijsberjocht tsjin oer in tige seldsum medisyn tsjin kanker. It waard betocht yn it Erasmus Medisch Centrum yn Rotterdam en koste doe sa'n 4000 euro de ynfús.
Yntusken is it medisyn trochferkocht oan it farmaseutyske bedriuw Novartis. En dat bedriuw doart mar leafst 23.000 euro foar itselde ynfús te freegjen. 23.000 euro foar it libben fan in kankerpasjint.
Fan alle trije berjochten stean ik fersteld. 75 miljoen foar in jonkje dat wol knap fuotbalje kin. Ik kin der mei myn ferstân net by. Mar al hielendal net as in medisyn dat jo rêde kin fan de dea 23.000 euro de kear kostje moat. Wa yn de goedichheid betinkt soks? Hoe kin de direkteur fan in bedriuw as Novartis himsels noch yn de spegel oansjen?
Allinnich de namme Novartis docht al twiveleftich oan. Nova is Latynsk foar 'nij' en bistetún Artis kenne wy allegear. Novartis is dus eins in nije bistetún. En dat kloppet, want dit is by de bisten om ôf. Ien ding is wis: wa't in priiskaartsje hinget oan in minskelibben, is sels gjin sint wurdich."