Undersyk nei fynplakken fan plastic kin wol wat ekstra help brûke

28 jan 2019 - 07:30

It wittenskiplike ûndersyk nei plastic, dat mei help fan gewoane boargers direkt nei de kontenerramp boppe de Waadeilannen úteinsette, kin wol wat mear help fan dy boargers brûke. "Yn de earste pear wiken krigen wy allegear tips, mar dat drûget no wat op", seit professor Tjisse van der Heide.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Undersikers Tjisse van der Heide en Laura Govers fan de Ryksuniversiteit Grins fregen destiids minsken om op in strukturearre wize fynsten fan plastic fêst te lizzen en digitaal troch te jaan. Sa soe stadichoan in kaart fan it Waad ûntstean mei allegearre fynplakken fan plastic. No't de grutte opromaksje fan al it plastic guod by de kust dien is, komme der lykwols net in hiel soad meldings mear by.

In gat yn de kaart

Op de webside www.waddenplastic.nl kinne minsken sjen wêr't ynformaasje ûntbrekt. "Ik ferwachtsje eins dat der op Skylge noch best in soad plastic leit", fertelt Van der Heide. "Op de Boskplaat bygelyks, kin noch best in soad lizze. Mar dat witte wy no noch net. Dat soart gegevens wolle wy wol graach hawwe, sadat wy in kompleet byld krije fan wêr't plastic fûn is. Doel is om dizze kaart oer te dragen oan Rykswettersteat, sadat dy der mei oan de slach gean kin."

Bliuw sammeljen

Van der Heide tinkt oan fakânsjegasten, eilânbewenners mar ek natoerbehearders, dy't dizze ynformaasje trochjaan kinne. "It soe moai wêze as minsken sammeljen bliuwe, omdat we sa sjen kinne oft der noch plastic by komt", seit Van der Heide. "Mei ien of twa punten dy't trochjûn wurde, binne wy al hiel bliid."

Undersiker Tjisse van der Heide

(Advertinsje)
(Advertinsje)