Tsientallen deade seekoeten oanspield op Waadeilannen

28 jan 2019 - 06:52

Op Skylge, It Amelân en Flylân binne tsientallen deade of hast deade seekoeten oanspield. Op de Plaat lizze tsienstallen deade fûgels, lykas op it Noardseestrân fan de eilannen. De bisten hearre op see en wurde gewoanwei hast net sjoen sa ticht yn de buert fan de eilannen. Monique Reinders fan de fûgelopfang op Skylge hat yntusken tsientallen slim siike bisten binnenkrigen."Je ziet ze onder je handen doodgaan."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De bisten dy't by Monique Reinders binnen komme, mankearje stik foar stik wat. "Ze zijn heel erg mager en je merkt dat ze niet lekker zijn. Ze zijn veel te mak", fertelt Monique. "Ik heb geen idee hoe dat komt. Maar ze gaan niet op zoek naar voedsel omdat ze ergens iets mankeren."

Undersyk nei de oarsaak

Undersyksynstitút NIOZ sil ûndersykje hoe't it komt dat de fûgels massaal oanspiele. Dêrby wurdt ek sjoen oft it wat te krijen hat mei de hast 300 konteners, dy't begjin jannewaris dit jier fan it kontenerskip MSC Zoe fallen binne.

In tas fol deade fûgels

Monique doart de link mei de kontenerramp noch net te lizzen. "Er drijft hier zat zooi rond, maar of dat een direct verband heeft met deze zieke vogels, dat weet ik niet. Daarom heb ik gisteren een tas vol dode vogels naar het NIOZ gestuurd voor onderzoek. Hopelijk worden het er niet nog veel meer. Dit is zo triest om te zien."

Monique Reinders fan de fûgelopfang op Skylge

(Advertinsje)
(Advertinsje)