Gjin boeten foar fersteuren natuer yn Waadsee: wetjouwing jout romte net

Der wurde gjin boeten mear útdield op de Waadsee foar it fersteuren fan de natuer. Net omdat dat natuer net mear fersteurd wurdt, mar omdat de wetjouwing dy romte net jout. Boppedat is der in kapasiteitsprobleem.
Gjin boetes foar fersteuren natuer yn de Waadsee
Neffens de wet natuerbeskerming fan 2017 moatte je bewize kinne dat minsken mei opsetsin de natuer fersteure of de fersteuring moat foar skea soargje oan de hiele populaasje fan in soart. Mei dy betingsten falt yn de praktyk net te wurkjen, befêstiget ek Rykswettersteat. Dus binne der ferline jier gjin boeten útdield.

Rykswettersteat: "Lastig te handhaven"

"Er zijn geen verbalen geschreven omdat het heel lastig is om te handhaven", skriuwt in wurdfierder fan Rykswettersteat mei in ferwizing nei ien fan de betingsten yn de natuerwet foar it jaan fan in proses-ferbaal.
De organisaasje is ferantwurdlik foar de koördinaasje fan de hanthavening, mar wol net foar de mikrofoan reagearje, omdat sy net 'direkt belutsen binne' by de hanthavening.

Noch gjin oplossing

Ek oare partijen op it Waad befêstigje dat der in probleem is mei de hanthavening op it Waad. Ministearjes, de plysje, it Iepenbier Ministearje en de provinsjes oerlizze oer in oplossing. Mar dy is der noch net.
In mokselfangynstallaasje by Skylge © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It giet hjir om plakken yn de Waadsee dêr't wy minsken komme meie, mar dêr't ek geregeld bulten fûgels of seehûnen sitte. En dêr moatte je net te tichteby komme.
De tsjinst dy't in soad tafersjoch docht en ek it foech hat om boeten út te dielen, is de Waddenunit fan it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit. Sy binne op fjouwer skippen aktyf en steane heech oanskreaun by de brûkers fan it Waad. Mar njonken tafersjoch en hanthavening hawwe sy noch folle mear taken.

Grut kapasiteitstekoart by Waddenunit

"Er is een groot tekort aan capaciteit en eigenlijk zou de Waddenunit veel groter moeten zijn", seit Rob Leemens, foarsitter fan de Wadvaarders. "Want ze hebben heel veel taken die ze moeten uitvoeren. Ze worden ook nog eens ingehuurd door andere overheidsinstellingen. Dat maakt dat ze gewoon tijd tekort komen."
Leemans tinkt dat de natuer te lijen hat fan de problemen mei de útfierberens fan de wetten en it kapasiteitstekoart: "Mensen kunnen allerlei dingen doen zonder dat het gezien wordt. En daar komt nog bij dat sommige wetten zich niet lenen voor het goed ingrijpen hierop. Dat zou anders moeten."
De Waadsee by Gryn © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Natuerdeputearre Johannes Kramer fan de provinsje tinkt net dat de wet it grutte probleem is. En as dat al foar praktyske problemen soarget, wol hy dat wol oankaarte. "Yn it plak dêr't it thúsheart, yn Den Haag."
Kramer sjocht foaral kânsen yn in bettere gearwurking tusken belanghawwende tsjinsten op it Waad en dêrtroch in hegere pakkâns. "Wy moatte mei elkoar wurkje om dat prachtige gebiet te hoedzjen en noedzjen, want dat wolle wy fansels allegearre." Hy hellet dêrby ek de plannen oan foar in nije Waadautoriteit sa't dat ek yn it regearakkoart fan it kabinet stiet.
Ek de Wadvaarders sjogge dêryn kânsen it tafersjoch en hanthavening te ferbetterjen.

Oare mooglikheid: gebieten ôfslute

Der is ek noch in oare mooglikheid om de natuer op it Waad te beskermjen. Dat is ôfsluten fan mear gebieten foar minsken. Wa't him dêr net oan hâldt, kin wol oanpakt wurde. De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) hat dêr ferline jier sels immen foar op 'e bon slingere. It ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit hat it foech om gebieten ôf te sluten.