Flyers ferlieze yn topper fan koprinner Geleen

27 jan 2019 - 21:17

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha snein mei grutte sifers ferlern op besite by koprinner Eaters Geleen. It waard 7-2 foar de thúsploech. De Flyers hiene de kopposysje oernimme kinnen, mar de Feansters rûnen hast de hiele wedstriid efter de feiten oan.

Brent Janssen - Foto: www.orange-pictures.nl

Allinnich yn de earste perioade koene de Flyers noch meikomme mei Geleen. Dy kamen wol op foarsprong, Nick Verschuren makke de 1-0. Mar flak foar de ein fan dy earste perioade makke Pippo Limnell de gelykmakker.

Healwei de twadde helte kaam de thúsploech dochs wer op foarsprong. Lukasz Bartak makke de 2-1 en noch gjin minút letter sette Matthew Beer sels de 3-1 op it skoareboerd. Adam Bezak soarge noch wol foar de oanslutingstreffer: 3-2.

Fjouwer kear Verschuren

Yn de lêste perioade wie Geleen lykwols direkt los. Verschuren skoarde al gau mei powerplay, Bartak soarge foar de 5-2. Nick Verschuren sette syn namme dêrnei nochris twa kear op it skoareformulier. Hy bepaalde de einstân op 7-2.

(Advertinsje)
(Advertinsje)