Twa kear sukses Marrit Zeinstra op Nederlânsk Iepen muorrekeatsen

27 jan 2019 - 21:00

Marrit Zeinstra út Peins hat op beide dagen fan it Nederlânsk Iepen muorrekeatstoernooi de earste priis pakt. Sneon die se dat op it inkeldspul by de froulju, snein tegearre mei Anne Monfils fan Kimswert ek by de dûbelds.

Marrit Zeinstra (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

It Nederlânsk Iepen is in ynternasjonaal toernoai mei dielnimmers út Amearika, Ierlân, België, Ingelân, Spanje en fansels Fryslân. It toernoai waard sneon en snein holden yn de Frjentsjerter sporthal De Trije.

By manlju wienen it de Amerikanen en Ingelsken dy't de medaljes meinommen. It inkeldspul waard wûn troch Wally Amaro út Philidelphia, de dûbelds troch Dan Grant en Luke Thompson út Londen.

Wallball is in sport dat liket op in mingfoarm fan keatsen en squash. Kinst it ien tsjin ien of twa tsjin twa spylje. De rubberen bal slaan wurdt dien mei de bleate hân of mei hânskuontsjes. It fjild is goed tsien by seis meter en de muorre is hast fiif meter heech.

(advertinsje)
(advertinsje)