Skaakkafee foar elkenien yn Aldeberkeap iepene

Yn restaurant Le Brocope yn Aldeberkeap is sneintemiddei in skaakkafee fan start gien. De iepening waard dien troch wethâlder Fimke Hijlkema fan Eaststellingwerf en âld-boargemaster Remco Heite.
© Omrop Fryslân
It skaakkafee is yn it libben roppen omdat neffens ien fan de inisjatyfnimmers, Dirk de Boer, in soad minsken wol ris skake wolle, mar net fuort lid wurde wolle fan in club.

Foar elkenien

Elkenien kin skake yn it skaakkafee fan Aldeberkeap. It nivo makket net út. It giet om in gearwurking fan it Heite Schaalschaaktoernooi, inkelde skaakleafhawwers yn de regio en kultuerrestaurant Le Brocope.
Der is net echt ûndersyk dien nei de animo foar in skaakkafee, sizze de inisjatyfnimmers Dirk de Boer, Mara Eijsbouts en Henk Feitsma. "We proberen het gewoon en als het lukt dan lukt het. Is er te weinig belangstelling, hebben we het in ieder geval geprobeerd", seit De Boer.
It skaakkafee wurdt alle sneinen hâlden fan trije oere ôf.