Swak Hearrenfean yn eigen hûs ûnderút tsjin AZ

27 jan 2019 - 18:36

Sportklup Hearrenfean hat snein yn eigen hûs mei 2-0 ferlern fan AZ. De besikers wiene de hiele wedstriid better. Dat waard yn de earste helte noch net ta útdrukking brocht yn de skoare, nei it skoft wol. By beide AZ-goals seach Hearrenfean der lang net skerp út.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Alkmaarders wiene de earste helte al de bettere ploech yn it Abe Lenstrastadion. Hearrenfean koe oanfallend neat klearspylje en stie faak ûnder druk fan AZ.

AZ better, mar net gefaarlik

Mei it oerwicht die AZ de earste helte lykwols net in protte. It doel fan Warner Hahn waard wol ûnder fjoer nommen, meastal nei balferlies fan Hearrenfean, mar echt gefaarlik waard it hast net. Guus Til skeat net hurd genôch, it skot fan Mats Seuntjens gie njonken en dyselde Seuntjens skeat even letter rjocht op Hahn ôf.

Stijn Schaars mei Guus Til - Foto: www.orange-pictures.nl

Hearrenfean loerde op de counter, mar ek dêrmei koe de ploech fan Jan Olde Riekerink it AZ net lestich meitsje. Pas tsien minuten foar it skoft kamen de Friezen der ris goed út. Nei goed wurk fan Vlap kaam Rienstra ta in skot, dat njonken de AZ-goal bedarre. Oan de oare kant wie Fredrik Midtsjø tichter by in treffer. Nei in knappe pass fan Calvin Stengs skeat Midtsjø hurd, mar Hahn kearde it skot yn de koarte hoeke.

Selde byld as foar skoft

It byld yn de twadde helte wie net hiel oars. De earste grutte kâns wie wer foar AZ en ûntstie wer nei balferlies by Hearrenfean, diskear fan Daniel Høegh. Adam Maher spile Seuntjens oan, dy't de bal krekt net lekker meikrige en úteinlik oer it doel fan Hahn skeat.

Direkt dêrnei moast AZ-keeper Marco Bizot lang om let ris yn aksje komme. Hy bokste in skot fan Mitchell van Bergen fuort. Dêrnei siet de keeper mis en waard Ben Rienstra gefaarlik, mar de bal gong oer de goal fan AZ. De wedstriid wie doe wol echt los.

Mar it wie AZ dat gefaarliker bleau. In hurd skot fan Seuntjens op oanjaan fan Stengs gie krekt neist en Oussama Idrissi krôle de bal oer. De 0-1 hong yn de loft en die foel nei in goed oere spyljen dan ek.

Twa kurieuze goals

Dêrby krige AZ wol wer de help fan Hearrenfean. Jonas Svensson joech de bal oan de rjochterkant fan it fjild mei oan Midtsjø, dy't in protte frijheid hie. De middenfjilder socht de ynrinnende Idrissi. Hearrenfean-ferdigener Sherel Floranus siet dertusken, mar glied de bal dêrby wol yn syn eigen doel.

In kertier foar tiid wie AZ-ynfaller Owen Wijndal ticht by de 0-2. Dy foel doe noch net, mar nei't Hearrenfean trije minuten letter om neat in corner fuortjoech. Dêrby stie hiel Hearrenfean te sliepen, wylst Idrissi wol skerp wie. Wylst alle spilers fan Hearrenfean nei elkoar seagen, seach Idrissi dat de goal leech wie. Hy skeat de corner der yn ien kear yn.

Dêrmei wie de wedstriid wol spile. De ploech dy't noch it tichtst by in goal wie, wie AZ wer. Stengs spile himsels goed frij oan de rjochterkant, fûn dêrnei doelpuntemakker Idrissi. De latte foarkaam in twadde goal fan de AZ-oanfaller.

Hearrenfean no alfde

AZ hie de oerwinning op dat momint al binnen. It bleau by 0-2. SC Hearrenfean sakket nei it alfde plak en it ferskil mei de neikompetysjeplakken is noch mar trije punten.

SC Hearrenfean - AZ 0-2 (0-0) 64. Sherel Floranus (eigen doelpunt) 0-1, 78. Oussama Idrissi 0-2

Opstelling Hearrenfean: Hahn; Floranus, Høegh, Pierie, Woudenberg; Rienstra, Schaars (75/Kobayashi), Van Amersfoort; Van Bergen, Lammers, Vlap (70/Mihajlovic)

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal AZ
(advertinsje)
(advertinsje)