Douwe de Vries: "It jout sa'n kick as it swierbefochten is"

27 jan 2019 - 18:04

Douwe de Vries waard snein de âldste winner fan it Nederlânsk kampioenskip allround. "Foaral op myn 36e, dat is super", sei De Vries nei ôfrin. Nei de earste ôfstân moast De Vries trije ôfstannen lang yn de efterfolging op Marcel Bosker. Nei trije persoanlike rekôrs naam De Vries de lieding oer yn it klassemint.

"Hast in soad spanning", fertelde De Vries oer syn toernoai. "Hielendal foar de 500 meter, wat echt net myn ôfstân is. Dy giet op de training wol lekker, mar foar myn gefoel ferprutste ik it in bytsje." De Vries waard achtste yn 37.14. "Dan rinst tsjin sa'n efterstân op. En Marcel ried ek in goed toernoai. Syn 500 wie sá fluch, dat ik tocht: dit wurdt wol echt dreech."

Dochs sloech De Vries sneon al in goede slach troch de 5.000 meter yn in persoanlik rekôr fan 6.12.47 te winnen. Snein befêstige er syn goede foarm. "Op de 1.500 koe ik noch krekt wat werompakke en dêrtroch krige ik echt moraal foar de 10 kilometer."

De Vries moast op de slotôfstân in ferskil fan 6.24 sekonden op Bosker goedmeitsje om de titel te pakken. "Bosker tocht: shit, dat is krekt sa'n ferskil dat er goedmeitsje kin", sei De Vries. En dat die bliken: "De 10 gong hearlik, top. As it dan dochs noch slagget, is it in ûntlading. Ik fûn dit echt moai. It wie echt dreech, ik ha sa faak twivele mei sa folle spanning. Sil dit noch slagje? Marcel ried ek sá goed. It slagge, dat jout sa'n kick as it sa swierbefochten is."

Nei de 500 meter ried De Vries sawat in perfekt toernoai mei toptiden. "Dat komt ek troch it iis en de lege luchtdruk. Al dy dingen én nij materiaal, dêr't ik al it hiele seizoen lekker op ryd, resultearret hjiryn."

Geweldich dat sy der binne.

Douwe de Vries oer syn frou en soantsje

De Vries hie yn Thialf de stipe fan syn frou en soantsje. "Dat makket it super, geweldich dat sy der binne. Myn soan hie de earkleppen op, hy seach my ek wat ferdwaasd oan. It kin him wierskynlik net in protte skele, mar ik fyn it wol leuk."

In dream

Mei syn nasjonale allroundtitel pleatst De Vries him ek foar it WK allround, begjin maart yn Calgary. "Dêr wie ik net iens echt mei dwaande, mar dat is super. Ha ik ek in hiel protte sin yn. Ik woe dit seizoen fral wat genietsje, sjen oft ik wat ferbetterje koe. Foarich jier wie ik fysyk wol goed, mar wie ik wat siik op it ferkearde momint. Doe kaam it der net út. Sa'n seizoen der noch achter oan plakke, dat is echt in dream."

(advertinsje)
(advertinsje)