Wenboat yn jachthaven Twellingea sinkt diels

27 jan 2019 - 17:48

In wenboat yn in jachthaven yn Twellingea is sneintemiddei foar in diel sonken. Hoe't dat koe, is noch net dúdlik.

Foto: ProNews

De brânwacht wie gau teplak by de haven oan de Brêgesleatswei, mar koe net foarkomme dat de wenning foar in diel ûnder wetter rekke.

Se krigen de wenboat ek net mear boppe wetter. De eigener moat no in partikulier bedriuw ynskeakelje om dat te dwaan.

Trefwurden: 
Twellingea sinke wenboat
(Advertinsje)
(Advertinsje)