Letitia de Jong wurdt twadde op NK Sprint, Janine Smit fjirde

27 jan 2019 - 17:27

It is Letitia de Jong fan Feanwâlden krekt net slagge om it Nederlânsk kampioenskip sprint op har namme te skriuwen. De Jong moast op de lêste 1.000 meter hast sân tsienden goedmeitsje op konkurrinte Jutta Leerdam, mar dêryn slagge se net.

De tiid fan 1.15.03 betsjutte foar De Jong wol it twadde plak op de 1.000 meter. Leerdam wie in klasse apart en wûn ek de lêste ofstân yn in tiid fan 1.13.99. Tredde op de 1.000 meter én yn it klassemint einige Sanneke de Neeling.

Dat is min nijs foar Janine Smit fan It Hearrenfean. Se wurdt fjirde en grypt dêrtroch krekt njonken in startbewiis foar it wrâldkampioenskip sprint.

De lêste ofstân brocht Smit noch wol in persoanlik rekôr: har 1.15.97 wie goed foar it sechde plak. Dat moat se diele mei Sanne van der Schaar fan Harns. Helga Drost fan Akkrum einige as santjinde.

NK Sprint: útslach twadde 1.000 meter froulju

1. Jutta Leerdam 1.13,99 PR

2. Letitia de Jong 1.15,03

3. Sanneke de Neeling 1.15,39

6. Janine Smit 1.15,97 PR

Sanne van der Schaar 1.15,97 PR

17. Helga Drost 1.18,46

NK sprint: einútslach froulju

1. Jutta Leerdam 150.070 P

2. Letitia de Jong 150.930 P +0.86

3. Sanneke de Neeling 152.710 P +2.64

4. Janine Smit 153.000 P +2.93

6. Sanne van der Schaar 153.955 P +3.89

16. Helga Drost 158.125 +8.08

Foto: Orange Pictures

Hospes

De 1.000 meter fan Jesper Hospes soarge foar tefredenheid by de Feanster. Syn 1.09.98 siet mar 0.05 sekonden boppe syn persoanlike rekôr op dy ofstân. It wie goed foar it njoggende plak.

Yn it einklassemint fan it Nederlânsk kampioenskip einiget Hospes as sânde. Hein Otterspeer is Nederlânsk kampioen sprint wurden by de manlju. Op noch gjin acht tsienden waard Dai Dai Ntab twadde en as tredde einige op 1.12 sekonde Lennart Velema.

NK Sprint: útslach twadde 1.000 meter manlju

1. Hein Otterspeer 1.08,22

2. Lennart Velema 1.08,00 PR

3. Pim Schipper 1.08,88

9. Jesper Hospes 1.09,96

NK sprint: einútslach manlju

1. Hein Otterspeer 137.935 P

2. Dai Dai Ntab 138.750 P +0.82

3. Lennart Velema 139.055 P +1.12

7. Jesper Hospes 140.440 P +2.51

(advertinsje)
(advertinsje)