Mid-Fryslân kin net stunte op besite by Wageningen

27 jan 2019 - 16:55

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha snein net foar in stunt soargje kinnen by Wageningen, de nûmer twa fan de Haadklasse. Dy wûn mei 33-27.

Foto: Orange Pictures

Mid-Fryslân, dat foarlêste stiet yn de Haadklasse, seach al gau tsjin in frij grutte efterstân op. Wageningen rûn dêrnei net folle fierder út, mar konsolidearre de foarsprong. De stân by it skoft wie 19-14. Ek yn de twadde helte koe Mid-Fryslân it net echt spannend mear meitsje.

SCO wûn sneon

Dy oare Fryske klup yn deselde klasse, SCO, spile sneon al. Yn Wolvegea wie SCO mei 27-25 te sterk foar Rohda út Amsterdam.

(advertinsje)
(advertinsje)