VC Snits ûnderút op besite by Talentteam Papendal

27 jan 2019 - 16:25

De follybalsters fan VC Snits ha snein mei 3-1 ferlern op besite by Talentteam Papendal Arnhem. De setstannen wiene 25-23, 16-25, 28-26 en 25-20.

Hester Jasper fan VC Snits - Foto: www.orange-pictures.nl

Snits stiet op it tredde plak yn de earedifyzje en hie mear as twa kear safolle punten as it Talentteam. Dat wie snein lykwols net werom te sjen. De ploech fan Paul Oosterhof kaam nei it ferlies yn de earste set noch wol sterk werom, mar nei it ferlies fan de spannende tredde set koe Snits net opnij weromkomme.

Trefwurden: 
follybal VC Snits TalentTeam
(advertinsje)
(advertinsje)