Cees Roozemond nimt taken Eisenga as Hearrenfean-direkteur tydlik oer

Cees Roozemond nimt tydlik de taken fan Luuc Eisenga oer yn it bestjoer fan SC Hearrenfean. Algemien direkteur Eisenga leit op 1 maart offisjeel syn funksje del. Snein tsjin AZ sit Eisenga foar it lêst as direkteur op de tribune.
Roozemond, dy't it nijs sels befêstiget, siet yn it stichtingsbestjoer fan de klup en is sûnt desimber ek de foarsitter fan SC Hearrenfean.
It stichtingsbestjoer, mei Roozemond as foarsitter, prate begjin desimber mei Eisenga oer syn posysje. In wike letter makke Eisenga bekend dat er fuortgiet.

Ried fan kommissarissen fuort

Op de parsekonferinsje dat er dat nijs bekend makke, waard ek bekend dat it stichtingsbestjoer it fertrouwen yn de ried fan kommissarissen opsei.
Cees Roozemond © www.orange-pictures.nl
Wer in wike letter waard in nije ried fan kommissarissen beneamd, mei Roozemond as tydlik foarsitter. Dat bliuwt er oant op syn minst 1 maart.