Letitia de Jong wint 500 meter yn persoanlik rekôr

27 jan 2019 - 16:16

Letitia de Jong hat goeie saken dien op it NK Sprint yn Thialf. De Jong wûn har rit op de 500 meter fan Jutta Leerdam yn in tiid fan 37.79. Se die dat yn in persoanlik rekôr.

Foto: Orange Pictures

Har grutste konkurrint Jutta Leerdam is noch altyd de lieder yn it algemien klassemint. Sy waard twadde op de 500 meter yn in tiid fan 37.84. Op de 1.000 meter moat De Jong 0.68 sekonden goed meitsje op Leerdam om de Nederlânske titel te pakken.

Janine Smit ferlear har race fan Sanneke de Neeling. Har 38.22 wie net genôch foar de ritoerwinning. Se seach dêrtroch De Neeling op gelikense hichte kommen yn it algemien klassemint. Anice Das foel yn har race tsjin Dione Voskamp en waard diskwalifisearre.

Jesper Hospes op de 500 meter op it NK sprint - Foto: Orange Pictures

Hospes

By de manlju op it NK sprint is Jesper Hospes de iennige Fries. Syn earste 500 meter sneon besoarge him in tiid ûnder de 35 sekonden, nammentlik 34,99. Dat wie foar it earst dat hy dat op Thialf prestearre.

Sneintemiddei slagge him dat krekt net, Hospes einige yn in tiid fan 35.08. Yn it algemien klassemint foar it NK Sprint giet Michel Mulder oan de lieding.

NK Sprint: útslach twadde 500 meter froulju

1. Letitia de Jong 37,97 PR

2. Jutta Leerdam 37,83 PR

3. Sanneke de Neeling 38,16 PR

4. Janine Smit 38,22

5. Sanne van der Schaar 38,65 PR

16. Helga Drost 39,50

20. Anice Das 1.27,01 (DIS)

NK Sprint: útslach twadde 500 meter manlju

1. Michel Mulder 34,62

2. Dai Dai Ntab 34,65

3. Hein Otterspeer 34,74

5. Jesper Hospes 35,08

(Advertinsje)
(Advertinsje)