Auto swier skansearre nei ûngelok by Easterwâlde

27 jan 2019 - 15:59

In auto is sneintemiddei fan de dyk rekke op de N919 flakby Easterwâlde en ried dêrnei frontaal tsjin in beam op. Neffens de plysjes dy't teplak binne is der gjinien ferwûne rekke.

Foto: Richard de Boer / ProNews

It ûngelok wie noardlik fan Easterwâlde, by it buorskip De Weper, yn in bocht fan de N919. Gjin ferwûnen dus, mar de auto is wol swier skansearre ôffierd. De dyk hat in skoft ticht west.

(Advertinsje)
(Advertinsje)