Douwe de Vries foar it earst Nederlânsk kampioen allround

Foar it earst yn syn karriêre is Douwe de Vries Nederlânsk kampioen allround wurden. Hy moast dêrfoar op de 10 kilometer in efterstân fan 6.24 sekonden goedmeitsje op syn grutste konkurrint Marcel Bosker en dat slagge. De Vries die dat ek nochris yn in persoanlik rekôr: 12.55.10.
Douwe de Vries
De striid tusken Bosker en De Vries waard útfochten yn in streekrjocht duel tuskenbeide. Bosker wie yn 2018 noch kampioen wurden op it NK Allround. Hy einige op de 10 kilometer dit jier úteinlik op 19.25 sekonden fan De Vries.

Earste Fries sûnt 2015

De lêste kear dat in Fries by de manlju Nederlânsk kampioen allround waard wie yn 2015. Doe wie Sven Kramer de bêste man oer fjouwer ôfstannen.
Earder sneintemiddei wûn de 36-jierrige De Vries al de 1.500 meter en ried er in persoanlik rekôr. Ek sneon wie hy suksesfol. Doe pakte de Hallumer in persoanlik rekôr op de 5.000 meter en wûn hy ek dy ôfstân.
Persoanlik súkses wie der ek foar in oare Fries, Tjerk de Boer. Hy ried leafst 51 sekonden fan syn persoanlik rekôr op de 10.000 meter en sette in tiid del fan 13.48.65.

Kramer en Roest ôfwêzich

De grutste kânshawwers foar de winst op it NK Allround wiene der net by, Europeesk kampioen allround Sven Kramer en Patrick Roest hienen harren al pleatst foar it WK allround. Se lieten it toernoai dêrom sjitte.
Trochdat De Vries it NK wint, pakt hy it tredde en lêste ticket foar it WK allround begjin maart yn Calgary.

NK allround: útslach 10.000 meter manlju

1. Douwe de Vries 12.55.10. PR
2. Marcel Bosker 13.14,34
3. Chris Huizinga 13.25,87 PR
4. Jos de Vos 13.29,20
5. Thomas Geerdinck 13.30,79 PR
7. Tjerk de Boer 13.48,65 PR

NK allround: einútslach manlju

1. Douwe de Vries 148.168 P
2. Marcel Bosker 148.818 P +0.55
3. Chris Huizinga 151.611 P +3.46
5. Tjerk de Boer 153.213 P + 5.05