Sander Arends hat earste toernoaiwinst 2019 te pakken

27 jan 2019 - 15:06

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat syn earste toernoaiwinst fan it jier te pakken. Mei Tristan-Samuel Weissborn wûn er it dûbeldspul fan it challengertoernoai Open de Rennes. Yn de finale wiene Arends en Weissborn mei 6-4 6-4 te sterk foar Antonio Sancic en David Pel.

Foto: Frans Arends

Arends en Weissborn hellen yn de finale in heech nivo. Beide krigen se gjin inkeld breakpunt tsjin. It slagge de Fries en de Eastenriker wol yn beide sets om Pel in kear te brekken. Dat wie beide kearen genôch foar de setwinst.

Troch de toernoaiwinst pakke Arends en Weissborn 90 punten foar de wrâldranglist.

No nei Quimper

Takom wike spylje Arends en Weissborn wer yn Frankryk. Dan komme se yn aksje op de challenger Open Quimper Bretagne Occidentale. De Fries en de Eastenriker binne dêr as tredde pleatst.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis Rennes
(Advertinsje)
(Advertinsje)