HEA! Personal trainer Jilling Bloem giet moai blok om op tin iis

27 jan 2019 - 14:29

Hea! Reedrider Teridzert

Stilsitte is neat foar dizze personal trainer fan Teridzert. Dus op syn frije moarn giet Jilling Bloem efkes in moai blok om op 'e redens. Hy is de iennichste op it iis. "Lekker sportyf, sa moat it." Foar syn wurk bellet hy de minsken wolris fan bêd. "Dan freegje ik wêr't se bliuwe en dan komme se wol. Mar dêr betelje se my by eintsjebeslút ek foar", laket er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)