Anema fiifde op NK Allround, Visser rydt nij baanrekôr op 5.000 meter

27 jan 2019 - 14:28

Reina Anema is fiifde wurden op it NK Allround. Har fjirde plak op de 5.000 meter wie net genôch om te klimmen yn it einklassemint.

Anema kaam op de lêste ôfstân fan it toernoai by de froulju oer de einstreek yn in tiid fan 7.02.99. Carlijn Achtereekte wûn it toarnoai, mar wie net de bêste op de 5.000 meter. De ritwinst gie nammentlik nei in 'net te hâlden' Esmee Visser dy't in supertiid delsette: 6.47.47.

Yn de twadde rit op de 5.000 meter kaam de befêstiging dat it iis op Thialf tige fluch is: Esmee Visser ried it baanrekôr fan Martina Sábliková út de boeken. Dat baanrekôr stiet al tolve jier op namme fan de Tsjechyske yn in tiid fan 6.49.31.

Reina Anema wurdt fiifde op it NK Allround - Foto: Orange Pictures

NK allround: útslach 5.000 meter froulju

1. Esmee Visser 6.47,47 BR

2. Carlijn Achtereekte 6.49,81 PR

3. Joy Beune 6.58,49 PR

4. Reina Anema 7.02,99

5. Melissa Wijfje 7.07,52

It publyk yn Thialf sjocht it iene nei it oare rekôr - Foto: Orange Pictures

NK allround: einútslach froulju

1. Carlijn Achtereekte 159.685 p

2. Joy Beune 159.957 p +0.28

3. Esmee Visser 162.250 p +2.57

4. Melissa Wijfje 162.275 p +2.59

5. Reina Anema 163.496 p +3.82

(Advertinsje)
(Advertinsje)