Dennis Veenker einiget as tolfde mei fjouwermansbob yn Sankt Moritz

27 jan 2019 - 13:34

Mei de fjouwermansbob is Dennis Veenker snein tolfde wurden by de wrâldbekerwedstriid yn it Switserske Sankt Moritz. Yn twa runs sette de Damwâldster mei syn ploechmaten Ivo de Bruin, Joost Dumas en Janko Franjic in totale tiid del fan 2.12.12.

Foto: Viesturs Lācis | IBSF

It earste en it twadde plak wiene foar Dútslân (2.10.48 en 2.10.99), en as tredde einige Letlân (2.11.01).

Veenker en De Bruin waarden sneon alfde mei de twamansbob.

(Advertinsje)
(Advertinsje)