Douwe de Vries rydt opnij persoanlik rekôr en wint 1.500 meter

Douwe de Vries hat goeie saken dien foar it algemien klassemint op it NK allround yn Thialf. De Vries naam it yn de lêste rit op tsjin de nûmer ien fan it algemien klassemint, Marcel Bosker. Yn in streekrjocht duel om de winst op de 1.500 meter wûn de Vries yn in nij persoanlik rekôr: 1.45.08. Bosker waard twadde, Chris Huizinga tredde.
Douwe de Vries wint de 1.500 meter yn in nij PR © Orange Pictures
De 36-jierrige De Vries ferbettere sneon ek al syn PR, doe op de 5.000 meter. De Vries wie net de iennichste Fries dy't syn eigen toptiid op de 1.500 meter ferbettere: ek Tjerk de Boer en Jort Boomhouwer rieden nea hurder op dizze ôfstân. De Vries moat op de 10.000 meter 6,24 sekonden goed meitsje op Bosker om Nederlânsk kampioen allround te wurden. De 10.000 meter is letter sneintemiddei.

NK allround: útslach 1.500 meter manlju

1. Douwe de Vries 1.45.08 PR
2. Marcel Bosker 1.45.74
3. Chris Huizinga 1.47.52 PR
4. Louis Hollaar 1.47.65
5. Tjerk de Boer 1.47.92 PR
12. Jort Boomhouwer 1.50.52 PR
15. Marwin Talsma 1.51.17
19. Sjoerd Kleinhuis 1.53.04
Reina Anema (argyffoto) © www.orange-pictures.nl
Reina Anema fan De Gordyk is op de 1.500 meter by it NK allround fjirde wurden. Se ried op it 'superflugge' iis fan Thialf in nij persoanlik rekôr: 1.57.35. Dat is in behoarlike ferbettering fan har foarige pr, dat stie op 1.58.09. Joy Beune wûn op de 1.500 meter en dat die se yn 1.54.72. Carlijn Achtereekte waard twadde, Melissa Wijfje tredde.
Troch it fjirde plakje yn de einútslach op de 1.500 meter skoot Anema in plak op yn it algemien klassemint, dêryn stiet se no fjirde. Letter snein is de lêste ôfstân fan it NK allround by de froulju, dan folget de 5.000 meter.
It iis op Thialf is tige fluch. Fan de tweintich riders by de froulju dy't op de 1.500 meter yn aksje kamen, rieden der tolve in persoanlik rekôr. Mooglik dat it komt troch de lege luchtdruk, dy is op It Hearrenfean sa'n 981 hPa. De luchtdruk jout wjerstân by it riden. Hoe heger de luchtdruk, hoe mear wjerstân de reedriders ûnderfine by it riden. As de luchtdruk leech is, is der minder wjerstân en wurdt der dus folle flugger riden.

NK allround: útslach 1.500 meter froulju

1. Joy Beune 1.54.72 (kampioenskipsrekôr)
2. Carlijn Achtereekte 1.55.76 PR
3. Melissa Wijfje 1.56.17
4. Reina Anema 1.57.35 PR