Wenningbou op eardere tenniskompleks fan De Harkema

27 jan 2019 - 12:41

Op it eardere tenniskompleks oan de Nijebuorren op De Harkema wurdt begjin takom jier begûn mei de bou fan wenten. It bestimmingsplan mei huzen foar senioaren en minsken dy't soarch nedich ha sil oer inkelde moannen presintearre wurde.

Foto: Eigen foto

De wenten wurde realisearre troch de Stichting Woningbouw Achtkarspelen, de SWA. Dizze korporaasje is ek dwaande mei de ynfolling fan it eardere kuorbalfjild yn Twizel. Dêr giet yn april de skeppe de grûn yn, sa lit wethâlder Jouke Spoelstra fan de gemeente Achtkarspelen witte.

(advertinsje)
(advertinsje)