Gjin Fryske politikus nominearre foar 'griene' ferkiezing fan Natuurmonumenten

Der is gjin inkelde Fries nominearre foar de ferkiezing fan Grienste Politikus fan it Jier. Natuurmonumenten, dyt de ferkiezing organisearret, hat dit jier mei it each op de steateferkiezingen yn maart allinnich provinsjale politisy op de list set. Opfallend is dat dêr net ien Fries by sit.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Deputearren en steateleden út hast alle oare provinsjes binne wol nominearre. Op de list stean neffens Natuurmonumenten politisy dy't harren "met hart en ziel inzetten om Nederland een stukje groener te maken".
Tsien jier lyn wie Lutz Jacobi, doe noch Twadde Keamerlid, de Grienste Politikus fan it Jier. Op 10 maart wurdt bekend makke wa't dit jier de titel krijt.