Wim Stroetinga stiet nei trije dagen op tredde plak yn Berlyn

Hurdfytser Wim Stroetinga stiet nei trije dagen tredde yn it algemien klassemint fan de Zesdaagse van Berlijn. Stroetinga is by dizze baanwedstriden keppele oan de Belch Robbe Ghys. It duo klimt alle dagen heger yn it klassemint: nei de earste dei stiene se sechde en op de twadde dei einigen se as fjirde.
© www.orange-pictures.nl
Stroetinga en Ghys ha no 234 punten sammele en steane dêrmei achter de Dútsers Kluge en Reinhardt (246 punten) en de Eastenrikers Graf en Müller (237 punten).
Ferline jier wûn Stroetinga yn Berlyn, mei partner Yoeri Havik. Dy is der no net by, omdat er oan de wrâldbeker yn Hongkong meidocht. Kommende tiisdei is de lêste dei fan de Zesdaagse van Berlijn.
In momint fan de twadde wedstriiddei yn Berlyn: