Ljouwerter Kabaret Festival makket finalisten bekend

27 jan 2019 - 09:20

De finalisten fan it Ljouwerter Kabaret Festival binne bekend makke. Op 1 febrewaris sille Huibert Jan van Roest, WestSaid, Jannick Hamberg en Liesbeth Goossens stride om de winst yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Uteinlik beslist it publyk, mei de faksjuery, wa't der mei de prizen nei hûs giet.

Foto: Leeuwarder Cabaret Festival

Ferline jier wûn Martine Bakker it Ljouwerter Kabaret Festival. Sy krige sawol de sjuery- as de publykspriis en dat wie in primeur foar it festival. De earste edysje fan it Ljouwerter festival foar oanstoarmjend kabarettalint wie yn 2012.

(Advertinsje)
(Advertinsje)