Net twa, mar trije dagen 'hollebatse' op metalfestival Into The Grave

27 jan 2019 - 08:26

It metalfestival Into The Grave yn Ljouwert krijt dit jier in ekstra dei derby. De njoggende edysje fan it festival sil net twa, mar trije dagen duorje en fynt plak op freed 9, sneon 10 en snein 11 augustus. De tredde dei is fergees tagonklik. Om de ynwenners fan Ljouwert te betankjen, seit de organisaasje.

Into the Grave - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Besikers dy't in combiticket ha foar de oare dagen, krije trouwens wol foarrang. Sy meie in oere earder nei binnen as minsken sûnder kaartsje. Wa't wis wêze wol fan tagong kin foar 20 euro ek in deikaart keapje foar de snein. Op it Aldehoustertsjerkhôf is plak foar maksimaal 6.500 besikers.

De metalband Opeth út Sweden sil it festival ôfslute. Oare bands dy't op it programma steane, binne ûnder oare Anthrax, Sick of it All, Meshuggah, Queensrÿche en Death Angel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)