Kuorballers SCO winne tige spannend duel fan Rohda

26 jan 2019 - 22:07

De kuorballers fan SCO ha yn de haadklasse B mei 27-25 wûn fan Rohda út Amsterdam. Yn in tige spannend duel wie de stân by it skoft noch 12-12.

Foto: Orange Pictures

SCO gie yn de thúswedstriid goed fan start (1-0) mar koe gjin ôfstân nimme fan Rohda. It wie it begjin fan in earste helte wêryn der gjin ferskil tusken beide ploegen siet. Fia 5-5 waard it 9-9 en by skoft wie de stân 12-12.

SCO lit him net ferrasse

Nei it skoft wiene it de besikers út Amsterdam dy't as earste de foarsprong pakten (13-16). Dat wie foar SCO it sein om de druk op te fieren. Mei noch sân minuten te gean hie de ploech de skoare folslein ombûgd (22-19). Dy klap kaam Rohda net mear te boppe.

Trefwurden: 
kuorbal haadklasse SCO
(advertinsje)