Aris lit winst lizze tsjin Apollo Amsterdam

Aris hat de oerwinning op Donar fan ferline wike snein gjin ferfolch jûn. Apollo Amsterdam wie sneon yn Ljouwert mei 78-70 te sterk foar de ploech fan Tony van den Bosch.
David Michaels © www.dijksfotografie.nl
Wêr't Aris ferline wike by de sensasjonele oerwinning op Donar skerp oan de wedstriid begûn, wie dêr no gjin sprake fan. Yn it earste kwart gie it oant 8-8 gelyk op tusken beide ploegen. Dêrnei sette Apollo in tuskensprint yn. De Amsterdammers kamen mei 17-10 foar en hoewol't Aris wat tichterby kaam, moasten de Ljouwerters it earste kwart oan de besikers litte (22-17).
De Amsterdammers pakten ek de earste punten yn it twadde kwart (26-19) mar dêrnei wie Aris wekker. Benammen Griffin Kinney makke in soad twa-punters, en ek de trije-punter fan David Michaels wie raak.
De Ljouwerters pakten troch twa frije worpen fan Nick Masterson sels de foarsprong yn de wedstriid (30-28). Masterson hie de smaak te pakken en ûnder syn lieding gie Aris mei 34-38 it skoft yn.

Apollo wol fan gjin opjaan witte

Ek nei it skoft like Aris baas yn eigen hûs. Troch trije punters fan ûnder oaren Masterson en Craig Osaikhwuwuomwan rûn de ploech fan trainer Tony van den Bosch út nei 54-44.
Mar dat wie net nei it sin fan Apollo. Oan de hân fan Dimeo van der Horst, en mei tank oan miste lay-ups fan Griffin Kinney, knokten de Amsterdammers harren hielendal werom yn de wedstriid (54-53). Dat wie it sein foar Aris om wer wat punten te meitsjen, mar oan de ein fan it tredde kwart wie Apollo in behoarlik stik tichterby kaam (63-60).

Aris jout foarsprong fuort

It fjirde kwart moast de beslissing bringe. En hoewol't Aris earst noch útrûn nei 68-63 troch in trijepunter fan Craig O. wiene it de Amsterdammers dy't it gaspedaal yndrukten. Oan de hân fan Aron Roye en Mack Bruining wie it ynienen samar 77-70 foar Apollo. Mei noch oardel minút op de klok koe Aris dat ferskil net mear goed meitsje.
Nick Masterson wie mei 19 punten topskoarder foar Aris, wylst Craig Osaikhwuwuomwan de measte rebounds (9) pakte.