LDODK oerlibbet yn noardlike derby tsjin DOS'46

26 jan 2019 - 21:37

De kuorballers fan LDODK ha de noardlike derby tsjin DOS'46 wûn. Yn Nijeveen waard it 20-18 foar de Gordyksters. Dêrmei naam LDODK revâns foar de nederlaach yn de thúswedstriid. De Gordyksters klimme nei it tredde plak yn de Kuorbal League.

DOS-LDODK

Earder dit seizoen waard it op De Gordyk noch 33-27 foar DOS'46. En hoewol't DOS'46 de skoare iepene (0-1), wie it al gau LDODK dat de rezjy yn de wedstriid oernaam (5-2). Dy lytse foarsprong waard foar de Gordyksters maksimaal fjouwer punten (10-6). Dêrnei die de thúsploech noch wol wat werom, mar it wie LDODK dat mei in foarsprong fan 11-9 it skoft yn gie.

Henk Jan Mulder nei de wedstriid tsjin DOS'46

Topskoarder fan de Kuorbal League

Foar Erwin Zwart fan LDODK en Jelmer Jonker fan DOS'46 wie it neist in derby, ek de striid om de titel topskoarder fan de Kuorbal League.

Beide spilers stienen nei njoggen duels op sechstich goals, en beide spilers kamen sneon ta sân treffers. Dus dy striid einiget foarearst ûnbeslist.

Doelpunt Erwin Zwart

DOS'46 lit tosken sjen

Yn de twadde helte koe LDODK it ferskil earst noch op twa punten hâlde (13-11) mar dêrnei joech de thúsploech even gas. Mei trije punten op rige pakten se sels de foarsprong.

Dat wie in dúdlike warskôging foar LDODK, dat de rezjy yn de wedstriid wer oernaam (17-15). It like derop dat LDODK it ferskil makke hie (19-16), mar wer wie it DOS'46 dat sterk weromkaam. Mei noch in minút op de klok wie it gat mei in stân fan 19-18 noch mar ien punt.

Friso Boode makke dêrnei oan alle twivel in ein mei it winnende punt.

Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

Lêste derby foar Faber

Foar Femke Faber wie it har lêste derby fan it noarden, sy hâldt nei dit seizoen op by LDODK.

Femke Faber nei de derby tsjin DOS'46

Trefwurden: 
kuorbal LDODK DOS'46
(Advertinsje)
(Advertinsje)