Tsientallen Drachtsters dogge mei oan 'Tútsjend ark'

26 jan 2019 - 20:00

Tsientallen Drachtsters kamen sneon mei harren favorite ark nei de Suderbuert foar keunstmanifestaasje 'Tútsjend ark'. Dêr sieten de meast útienrinnende saken by lykas in hoeftrimmer, in tapijtspanner, hammers yn allegearre soarten en maten, mar ek hiel oare saken as in wimpertange en hânpoppen. Al dat ark waard yn de pop-up fotostudio op de foto set. Fan ferskate saken waard ek in 3D-scan makke.

Tsientallen Drachtsters dogge mei oan 'Tútsjend ark'

It doel fan it projekt fan keunstner Loes ten Ascher is om twa stegen yn it sintrum fan Drachten op te fleurjen mei foto's en minskgrutte makettes fan dat ark, dy't ek bewege, tútsje en ferkleurje sille. It is it doel dat dy keunstwurken foar de ein fan it jier oplevere wurde.

Dada-beweging

Mei dizze foarm fan mienskipskeunst wolle gemeente Smellingerlân en keunstner Ten Ascher oanslute by de Dada-beweging, dy't hûndert jier lyn wichtich wie yn Drachten.

It earste foarwerp dat sneon fotografearre waard wie dan ek de skuonmakkershammer fan de bruorren Rinsema út de fêste kolleksje fan Museum Drachten.

Minsken dy't noch in bydrage leverje wolle oan 'Tútsjend ark' kinne ek snein telâne yn de pop-up studio oan de Suderbuert tusken 11.00 en 17.00 oere. Keunstner Loes ten Ascher wie sneon yn alle gefallen tige tefreden oer de opkomst en ek oer it ferskaat oan ark dat oanbean waard.

Winfried Bruinsma, de eardere gemeentedichter fan Smellingerlân, levere in poëtyske bydrage yn de foarm fan in nagelnij fers oer 'Tútsjend ark'.

Fanwegen it tema wurdt it keunstprojekt ek stipe troch it Drachtster ynnovaasjekluster fan gearwurkjende technyske bedriuwen. Ek sy binne wiis mei dizze foarm fan omtinken foar ark.

Ferslachjouwer Onno Falkena by de start fan 'Tútsjend ark'

Trefwurden: 
Dada Dr888 tútsjend ark
(Advertinsje)
(Advertinsje)