Akkrum en Nes hawwe in nij moetingsplak

26 jan 2019 - 19:00

De doarpen Akkrum en Nes binne in soarte fan doarpshûs riker. De saneamde doarpskeamer 'Ed' is sneon offisjeel iepene. It is in rychjeshûs dat beskikber steld is troch wenningboukorporaasje Elkien.

Alle wiken is it iepen foar doarpsbewenners dy't delkomme wolle foar in praatsje, it ruiljen fan boeken of foar aktiviteiten sa as in naaikursus. It is de bedoeling dat it plak wykliks hieltyd faker iepen is en dat der mear en mear aktiviteiten holden wurde. Dochs giet dit om in tydlik plak foar in jier. De stifting Doarpskeamer Ed is al drok oan it sjen nei in struktureel plak foar harren doarpshûs.

(advertinsje)