Arber Zeneli fan Hearrenfean nei Stade Reims

Fuotballer Arber Zeneli makket de oerstap fan SC Hearrenfean nei Stade Reims yn Frankryk. Dat makket de Frânske klup bekend mei in filmke op Twitter. Dêryn is te sjoen hoe't Zeneli syn hantekening set ûnder in kontrakt foar fiif jier by de ploech dy't tolfde stiet yn de Frânske kompetysje.
Zeneli spile 100 wedstriden foar de Feansters en makke dêryn 21 doelpunten. Ek joech de Kosovaar 27 assists.