Strjitte yn De Westereen ticht troch optei-skea
De Ferlinge Stasjonsstrjitte yn de Westereen is sneon folslein ôfsletten foar autoferkear. Troch oprinnende temperatueren is der sprake fan saneamde optei-skea. Klinkerts yn de dyk binne omheechkaam. Ferskate auto's dy't dêr oerhinne riden binne, ha skea oprûn.
It is noch net bekend hoelang't de Ferlinge Stasjonsstrjitte ôfsletten bliuwt. It trochgeande ferkear moat de eastlike rûnwei nimme.