Letitia de Jong wurdt ek twadde op de 1000 meter
Letitia de Jong fan Feanwâlden is krekt as op de 500 meter op de 1000 meter twadde wurden. Dêrmei einige se wer efter Jutta Leerdam, dy't op de 500 meter ek al wûn.
De Jong wie de earste twa ronden rapper as Leerdam, mar moast yn de lêste ronde belies jaan. Leerdam wûn yn in tiid fan 1.14,47. De Jong wie hast in heale sekonde stadiger as Leerdam: 1.14,89. Janine Smit einige as sânde, mar stiet nei de earste dei wol op it tredde plak yn it klassemint.
Letitia de Jong wurdt ek twadde op de 1000 meter
1000 meter froulju NK Sprint
1 Jutta Leerdam 1.14,47 kampioenskipsrekôr
2 Letitia de Jong 1.14,89
3 Lotte van Beek 1.15,49
4 Sanne van der Schaar 1.16,12
7 Janine Smit 1.16,75
9 Anice Das 1.16,90
Janine Smit nei de 1000 meter
Klassemint froulju nei earste dei NK sprint
1 Jutta Leerdam
2 Letitia de Jong
3 Janine Smit
4 Sanneke de Neeling
8 Sanne van der Schaar
9 Anice Das
Manlju
Jesper Hospes is by de manlju de iennige Fries. Hy ride nei 1.10,78. Dêrmei kaam hy flink te koart foar in goeie klassearring. Syn tiid brocht him úteinlik it fjirtjinde plak. Earder sneon einige Hospes as fjirde op de 500 meter. De oerwinning op de 1000 meter gie nei Hein Otterspeer. Hy finishte yn 1.08,05. Twadde waard Lennart Velema en it tredde plak gie nei Gijs Esders.
Yn it klassemint stiet Hospes op it achtste plak.
Jesper Hospes nei earste dei NK sprint
1000 meter manlju NK sprint
1 Hein Otterspeer 1.08,05
2 Lennart Velema 1.08,89
3 Gijs Esders 1.09,19
4 Pim Schipper 1.09,33
5. Dai Dai Ntab 1.09,35
14 Jesper Hospes 1.10,78
Klassemint manlju nei earste dei NK sprint
1 Hein Otterspeer
2 Dai Dai Ntab
3 Lennart Velema
4 Gijs Esders
5 Pim Schipper
8 Jesper Hospes