ONS yn slotfaze ûnderút tsjin ASWH

ONS Snits hat sneontemiddei ferlern fan ASWH. De ploech út Hendrik-Ido-Ambacht wûn nei in spektakulêr slot troch ynfaller Fabian Korporaal mei 3-2. De winnende goal waard pas yn de njoggentichste minút makke.
Martijn Barto (argyf) © www.orange-pictures.nl
De wedstriid begûn noch goed foar ONS. Al nei acht minuten waard it 1-0 troch in moai hakbaltsje fan Martijn Barto. Lang koene de Snitsers net genietsje fan de foarsprong, want acht minuten letter stie it alwer 1-1 doe't Mels van Driel de lykmakker skoarde út in frije traap.
Dêrnei barde der net in soad mear yn de earste helte, oant Nick Slotboom krekt foar it skoft in grutte kâns krige mar de bal njonken skeat.

Ynfaller Korporaal beslist de wedstriid

Ek yn de twadde helte barde der lange tiid neat. Nei goed in oere spyljen krige ASWH in grutte kâns, mar Ismail Yildirim prikte de bal njonken. Efkes letter kopte Yumé Ramos de bal tsjin de hân fan in tsjinstanner. De skiedsrjochter seach der in strafskop yn, Michael Lanting makke der 2-1 fan.
Krekt doe't it derop like dat ONS de trije punten yn Snits hâlde soe, brocht ASWH Fabian Korporaal yn it fjild. Hy makke tsien minuten foar de ein de 2-2, doe't hy de bal nei in hoekskop foar de fuotten krige.
Fan 2-2 ôf wiene der kânsen foar beide ploegen. Sa krige Serge Fatima in grutte kâns foar ONS, mar hy kopte hurd op de latte. Oan de oare kant wie it wol raak. Yn de absolute slotfaze makke Korporaal der yn de njoggentichste minút noch 3-2 foar ASWH fan.
Nei de nederlaach stiet ONS no trettjinde yn de tredde difyzje, mei 22 punten út 19 wedstriden.