Knappe comeback foar Harkemase Boys tsjin SJC

26 jan 2019 - 16:46

Harkemase Boys hat sneontemiddei in knappe oerwinning behelle. Yn Noordwijk waard tsjin SJC mei 3-2 wûn. Dat wie knap, want nei in heal oere spyljen stiene de Boys noch op in 0-2 efterstân.

Foto: orange-pictures.nl

It earste gefaar yn de wedstriid kaam fan Harkemase Boys. Berwout Beimers seach dat syn skot, fan sa'n meter as tweintich, krekt oer de goal gie. Ek Bouius en Veldman koene it net net fine yn it begjin fan de wedstriid.

Nettsjinsteande it oerwicht fan Harkemase Boys yn de earste tweintich minuten wie it SJC dat spikerhurd tasloech. Youssef el Baouchi makke healwei de earste helte de 1-0, twa minuten letter kopte Rick van Dijk de 2-0 binnen út in hoekskop.

Krekt foar it skoft krigen de Boys in grutte kâns doe't Jesse Renken in strafskop nimme mocht. Renken makke gjin flater en dus giene beide ploegen mei in stân fan 2-1 oan de tee.

Boys sette troch

Nei it skoft gie Harkemase Boys op syk nei de lykmakker. Veldman krige daliks in grutte kâns mei de holle, mar kopte oer. In pear minuten letter wie it wol raak doe't Robert Stelpstra in foarset fan Veldman binnenskeat foar de 2-2.

De Boys wiene net tefreden mei de lykmakker en drukten troch. Nei in oere kopte Henny Bouius in foarset fan Voest binnen. Yn it slot fan de wedstriid gie de thúsploech noch op syk nei de lykmakker, mar keeper Jansema koe de foarsprong foar Harkemase Boys fêsthâlde.

Troch de oerwinning stiet Harkemase Boys no sechsde, mei 32 punten út 16 wedstriden.

(advertinsje)
(advertinsje)