Sjoch hjir hoe't Carla Zielman Nederlânsk kampioen wurdt op de Weissensee

Carla Zielman fan Rottum hat op de Weissensee it iepen NK maraton op natueriis wûn. Yn de sprint fan in kopgroep fan tolve wie Zielman krekt rapper as Iris van der Stelt en Kelly Schouten.
Carla Zielman wint iepen NK maraton op Weissensee
It iepen Nederlânsk kampioenskip maraton waard by de froulju hâlden oer 100 kilometer. Healwei de wedstriid ûntsnapte de kopgroep, mei dêrby neist Zielman ûnder oaren ek Laura van Ramshorst, Vera Otten en Merel Bosma.
Yn de einsprint wie Zielman krekt wat rapper as Iris van der Stelt. Dat waard pas dúdlik nei it besjen fan de fotofinish. De winst fan Zielman is opmerklik. Twa jier lyn hold de 34-jierrige Rottumse noch op mei reedriden, mar dit jier is se werom yn it peloton.
© Timsimaging

Gjin Frysk sukses by manlju

By de manlju, dy't 150 kilometer riden, wie der gjin Frysk sukses. Mart Bruggink út Tubbergen pakte de titel, foar Willem Hoolwerf en Sjoerd den Hertog. Bêste Fries wie Jouke Hoogeveen op it sânde plak.