Letitia de Jong twadde op de 500 meter op NK Sprint

26 jan 2019 - 16:07

Letitia de Jong fan Feanwâlden is twadde wurden op de 500 meter op it Nederlânsk Kampioenskip Sprint. Se wie krekt wat stadiger as Jutta Leerdam. De Jong waard twadde yn 38.18 en ried dêrmei as earste in nij kampioenskipsrekôr, wat dêrnei mei 38.01 ferbettere waard troch Jutta Leerdam.

Foto: Orange Pictures

De striid sil wierskynlik ek gean tusken De Jong en Leerdan as it giet om de titel. Janine Smit fan It Hearrenfean waard dield tredde op de 500 meter tegearre mei Dione Voskamp. Har tiid fan 38.42 foel in bytsje ôf.

Janine Smit nei de 1000 meter

Utslach 500 meter froulju:

1 Jutta Leerdam 38.01

2 Letitia de Jong 38.18

3 Janine Smit 38.42

Dione Voskamp 38.42 PR

8 Anice Das 39.01

11 Sanne van der Schaar 39.26

17 Helga Drost 36.61

Jesper Hospes fjirde by manlju

Jesper Hospes waard op de 500 meter knap fjirde. Hy ried in tiid fan 34.99 en kaam mei de hannen yn de loft oer de finish. Hy ried deselde tiid as Gijs Esders, dy't ek by it Gewest Fryslân sit.

Hospes is by de manlju de iennige Fries. Kjeld Nuis en Kai Verbij ûntbrekke by de manlju. Sy hawwe harren al pleatst foar it wrâldkampioenskip sprint. Dai Dai Ntab wûn de 500 meter mei in nij kampioenskipsrekôr.

Utslach 500 meter manlju

1 Dai Dai Ntab 34.67 Kampioenskipsrekôr

2 Michel Mulder 34.92

3 Jan Smeekens 34.92

4 Jesper Hospes 34.99

4 Gijs Esders 34.99

(Advertinsje)
(Advertinsje)