Fryske sjongbondel Hertslach útbrocht

26 jan 2019 - 15:35

'170 lieten om út te sjongen', sa wurdt de nije Fryske sjongbondel 'Hertslach' omskreaun. It giet om nije lieten dy't goed te brûken binne yn tsjerken njonken de bekende psalmen en gesangen. Der binne benammen lieten fan Hindrik van der Meer en Eppie Dam yn de bondel te finen, mar it ferskaat is grutter.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It inisjatyf ta de bondel is naam troch it Kwartettekoar, dêr't Hindrik van der Meer al tolve jier as dirigint foar stiet. It kin sjoen wurde as in kado oan de dirigint, dy't dit hiele jier noch mei it koar in ôfskiedstoernee troch de provinsje hâldt.

Harkje nei in stikje fan de reportaazje fan Buro de Vries oer de bondel Hertslach

De bondel wurdt snein yn de Anna-tsjerke fan Winsum oan Van der Meer oanbean troch Wim Beekman. Yn ús radioprogramma Buro de Vries is snein tusken 11 en 12 in reportaazje te hearren oer Hindrik van der Meer en it ferskinen fan de nije bondel.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(Advertinsje)
(Advertinsje)