'Pake' Douwe de Vries ferbetteret himsels wer en wint 5000 meter

26 jan 2019 - 15:23

Reedrider Douwe de Vries hat mei in nij persoanlik rekôr de 5000 meter wûn op it Nederlânsk Kampioenskip Allround. De 36-jierrige De Vries is de âldste dielnimmer fan it fjild, mar ferbetteret himsels mei in tiid fan 6.12,47. Syn âlde PR wie 6.13,58.

Foto: Orange Pictures

Yn in rjochtstreeks duel mei syn grutste konkurrint foar de titel wûn De Vries fan Marcel Bosker. Yn it klassemint hat Bosker noch in grutte foarsprong op De Vries. De Vries ferlear op de 500 meter in soad tiid op Bosker.

Douwe de Vries260119

Tjerk de Boer fan Weidum ried ek in persoanlik rekôr. Lang like it der op, dat hy in soad fan syn PR fan 6.34,52 ôf ride soe, mar troch twa minne lêste ronden rûn de tiid dochs noch op nei 6.34,38.

Tjerk de Boer

Utslach 5000 meter manlju:

1 Douwe de Vries 6.12,47 PR

2 Marcel Bosker 6.13,45 PR

3 Jos de Vos 6.24,03

4 Chris Huizinga 6.24,28

8 Tjerk de Boer 6.34,38 PR

9 Marwin Talsma 6.35,71

(Advertinsje)
(Advertinsje)