Waadfarders wach op kontenertroep dit farseizoen

26 jan 2019 - 14:46

Leden fan de Wadvaarders-feriening binne sneon op harren ledegearkomste yn Harns oproppen om dit farseizoen mei te helpen mei it opromjen fan plestik ôffal op en yn it Waad. De ferwachting is dat der noch in soad guod út de konteners yn de Noardsee de Waadsee yndriuwe sil. De Waadfarders binne oer it algemien goed thús yn it gebiet en komme yn ferhâlding in soad drûch te lizzen op platen.

Op de gearkomst krige Arno Brok as foarsitter fan it Regiecollege Waddengebied de Wadvaarders wisseltrofee oerlange. - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

En op dy platen is nei alle gedachten wol plestik ôffal te finen. De leden soene dan goed mei in ôffalpûde yn 'e hân in slach oer sa'n plaat rinne. Foarsitter Rob Leemans fan de feriening fynt dat as it om de koördinaasje giet fan dizze ynset, mar ek dy fan oare frijwilligers, de oerheid folle mear dwaan moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)