De Fûgelhelling sil fûgels wegerje moatte

26 jan 2019 - 14:38

De Fûgelhelling yn Oerterp ferwachtet yn de takomst bisten wegerje te moatten. De opfang sit grôtfol. Nea earder as yn it jier 2018 binne der safolle fûgels en oare bisten binnen brocht by de opfang. De groei wurdt ûnder oare feroarsake troch in útwreiding fan it wurkgebiet. Mar it grutste probleem sit him yn de fûgels dy't thús hâlden wurde, sa as hoannen, piken en postdowen, en troch de eigeners by De Fûgelhelling dumpt wurde.

In Kwekfink, 10.000ste bistl by de Fûgelhelling opfang - Foto: De Fûgelhelling

Behearder Hetty Sinnema fynt it in soarchlik ferhaal dat privee-fûgels en -bisten yn de boskjes of op it parkearterrein fan De Fûgelhelling dumpt wurde. Se wolle dizze bistjes graach in plakje jaan, want se kinne net yn de frije natuer oerlibje. Mar it begjint de opfang op te brekken, want sa kinne se oare fûgels dy't help nedich hawwe net opfange.

It begjint ús op te brekken. Se nimme it plakje yn beslach fan oare fûgels dy't help nedich hawwe en dat is skande.

Hetty Sinnema, behearder De Fûgelhelling

Dat is skande, seit Sinnema. "We ha altyd reservehokken dy't we sa yn inoar draaie kinne. Mar nei twa wiken by ús soe de eigener it bistje by ús ophelje moatte of it moat nei in oare opfang ta. En dat is lestich".

Sa hat de opfang bygelyks tiden dwaande west om foar in wite kraanfûgel in plakje te finen. En as it plakje der dan is, duorret it noch in tiid om de papieren yn oarder te meitsjen. Yn dy tiid hâldt de fûgel in koai beset dêr't ek oare bisten yn opfongen wurde kinne.

Ynsliepe litte

It is noch krekt net safier dat de opfang bisten ynsliepe litte moat, mar de bistebuorkerijen dêr't fûgels in nij plakje krije kinne drûgje op. Der sil yn de takomst faker 'nee' ferkocht wurde moatte. "It stuit tsjin it bistehert oan, want elkenien en elk bist moat holpen wurde kinne, mar it hâldt op. Ik ha it gefoel dat we dy kant út geane", seit behearder Hetty Sinnema.

De opfang sil mei Stichting Dierenlot de ferbliuwen útwreidzje, mar as dat fol sit hâldt it op en moatte de fûgels earne oars opfongen wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)