Reina Anema fiifde nei earste dei NK allround

26 jan 2019 - 14:11

Reina Anema stiet nei de earste dei op it NK allround fiifde. Op de 3000 meter ried de Gordykster nei 4.06.37 en dat wie goed foar it fiifde plak. Se moast fjouwer sekonden tajaan op de winneres fan dy ofstân, Esmee Visser.

Reina Anema fiifde nei earste dei NK Allround

Earder sneon waard Anema al tolfde op de 500 meter. Dat bringt har yn it allroundklassemint op it fiifde plak. Yn it klassemint hat Anema foar de 1.500 meter 6.78 sekonden efterstân op de liedster, Joy Beune. Snein wurde noch de 1.500 meter en de 5.000 meter ferriden.

3000 meter

1 Esmee Visser 4.02.72

2 Carlijn Achtereekte 4.02.81

3 Joy Beune 4.03.20

4 Melissa Wijfje 4.05.04

5. Reina Anema 4.06.73

Klassemint NK allround nei de earste dei

1 Joy Beune

2 Carlijn Achtereekte

3 Melissa Wijfje

4 Roza Blokker

5 Reina Anema

(Advertinsje)
(Advertinsje)