Twamansbob mei Dennis Veenker alfde yn Sankt Moritz
Dennis Veenker is sneon alfde wurden by de wrâldbekerwedstriid yn it Switserske Sankt Moritz. De Damwâldster kaam yn aksje mei de twamansbob, tegearre mei Ivo de Bruin. Snein ferskynt Veenker wer oan de start foar Nederlân, dan mei de fjouwermansbob.
Veenker en De Bruin hellen yn twa runs in totale tiid fan 2.13.72. De wedstriid waard wûn troch it Dútske duo Friedrich/Alexander yn 2.12.29, folge troch harren lângenoaten Lochner/Christian en de Letlanners Kibernanis/Miknis.
Dit wykein is de lêste wrâldbekerwedstriid yn Europa fan dit seizoen, hjirnei giet it troch nei Amearika en Kanada.