"Foeraazjesektor moat bybliuwe by de behoeften fan de boer"

26 jan 2019 - 12:47

De melkfeehâlderij sjocht der yn de takomst hiel oars út, as we tradisjoneel wend binne. Boeren moatte ynspylje op nije útdagingen en ûntwikkelingen en dat betsjut ek dat de rol fan foeraazjebedriuwen feroaret. It is net mear allinnich it leverjen fan in produkt, mar ek meitinke mei de boer. Dat sizze Herman Aukes fan Agrifirm en Joost Mulder fan Mulder Agro, twa bedriuwen út de foeraazjesektor.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Joost Mulder fan Mulder Agro en Herman Aukes fan Agrifirm yn petear mei ferslachjouwer Gerrit de Boer

Neffens Mulder moatte foeraazjebedriuwen konstant alert wêze op wat der spilet by de boeren en wêr't sy behoefte oan ha. It giet dan bygelyks om boaiemfruchtberheid. "It is ien fan dy dingen dêr't wy ús wol in bytsje soargen oer meitsje", seit Mulder. "Dêr moatte we mear wurk fan meitsje, as we de kondysje fan de grûn yn stân hâlde wolle."

Eigen rûchfoer

Foar Aukes leit de útdaging foar syn bedriuw en foar de melkfeehâlderij ûnder oare yn it gearstallen fan it rûchfoer, mei sa min mooglik hulpstoffen derby. Boeren wolle dat ta wearde meitsje foar it fee. "Sa meitsje wy komplete mingsels op it boerehiem, sadat de kij dan mear molke jouwe út it eigen rûchfoer", seit Aukes.

Undernimmerscoaches

Syn bedriuw is net allinnich mar taleveransier fan foer, mar docht ek in soad oan begelieding fan de boeren, mei ûnôfhinklike ûndernimmerscoaches. Aukes: "Dy binne ûnôfhinklik fan de boeren, mar ek fan ús. Us rol is dat wy sjogge hoe't in gearwurking giet en dingen dan besprekber meitsje."

Hy doelt dêrmei op bygelyks jonge boeren dy't it bedriuw fan harren âlden oernimme wolle. "Je komme dan ynienen fan in emosjonele relaasje yn in profesjonele relaasje terjochte. Heit wol nei links, de soan wol nei rjochts, hoe komme we dan dochs úteinlik byinoar om it mienskiplike doel te berikken?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)