Douwe de Vries begjint as achtste oan NK allround op 500 meter

26 jan 2019 - 12:18

Reedrider Douwe de Vries is achtste wurden op it Nederlânsk kampioenskip allround op de 500 meter. Hy ried de ôfstân yn 37.14. Syn grutste konkurrint is Marcel Bosker en hy dielde yn it Thialf-stadion fuort in tikje út troch fyfde te wurden. Tijmen Snel wûn de 500 meter yn 35.75.

Foto: Orange Pictures

Marcel Bosker is de kampioen fan ferline jier en wie wat rapper as De Vries. Bosker sette in tiid del fan 36.51 en waard fyfde. Tjerk de Boer fan Weidum ried 36.37 en waard dêrmei de bêste Fries mei in fjirde plak. Chris Huizinga, ploechgenoat fan Douwe de Vries by Team Jumbo-Visma, is in outsider foar de titel. Hy sette in tiid del fan 37.05 en waard sânde.

Manlju

1 Tijmen Snel 35.75

2 Louis Hollaar 36.23

3 Thomas Geerdinck 36.30

4 Tjerk de Boer 36.37

5 Marcel Bosker 36.51

6 Gerwin Coljé 36.55

7 Chris Huizinga 37.05

8 Douwe de Vries 37.14

10 Jort Boomhouwer 37.25

19 Marwin Talsma 39.10

20 Sjoerd Kleinhuis 51.85

Froulju

By de froulju ried Reina Anema fan De Gordyk yn in tiid fan 40.96 nei it tolfde plak. Anema moat it foaral ha fan de langere ôfstannen. Carlijn Achtereekte, de favoryt foar de titel, sette in tiid del fan 39.65, mar har belangrykste konkurrinte Joy Beune wûn de 500 meter yn 39.29. Melissa Wijfje, dy't ried foar Gewest Fryslân, waard tredde yn 39.71.

1 Joy Beune 39.29

2 Carlijn Achtereekte 39.65 PR

3 Melissa Wijfje 39.96

4 Marit Steunenberg 40.10 PR

5 Aveline Hijlkema 40.28

6 Muriël Meijer 40.39 PR

7 Roza Blokker 40.49 PR

8 Sanne in 't Hof 40.54 PR

9 Esther Kiel 40.59 PR

10 Ariane Smit 40.75 PR

11 Roos Markus 40.90 PR

12 Reina Anema 40.96

(Advertinsje)
(Advertinsje)